The Guardian

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
The Guardian
Haadkantoar yn Londen
Haadkantoar yn Londen
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Flag of the United Kingdom.svg Britsk
taal Ingelsk
sjenre krante
frekwinsje deistich
bestean 1821 – no
oprjochter John Edward Taylor
plak haadred. Londen
útjouwer Guardian News and Media
oplaach 161.091 (2016)
ISSN 0261-3077
offisjele webside
www.theguardian.co.uk

The Guardian is in yn 1821 oprjochte Britsk deiblêd. De krante wurdt útbrocht troch de Guardian Media Group en is eigendom fan de Scott Trust. Sûnt 1993 heart de sneinskrante The Observer ek by de Guardian Media Group. Oant 1959 wie de namme fan dy krante noch The Manchester Guardian en yn Noard-Amearika is dat noch hieltyd sa. De krante hat de bynamme The Grauniad. Dat komt troch al de tikflaters dêr't de krante earder berucht om wie.

The Guardian wurdt rekkene ta de meast serieuze en respektearre kranten yn it Feriene Keninkryk. Neffens in enkête út 2005 stimde 44% fan de lêzers op Labour en 37% op de Liberal Democrats[1].

Op 13 septimber 2005 stapte de krante oer fan broadsheet nei berlinerformaat. Alle oare kranten yn it Feriene Keninkryk kamen út yn it broadsheet- of it tabloidformaat. Sûnt begjin 2018 wurdt ek The Guardian útbrocht op tabloidformaat.

The Guardian wurdt yn Manchester en Londen drukt. It is de iennige Britske krant op nasjonaal nivo dy't folslein yn kleur drukt wurdt. Fan The Guardian waarden yn desimber 2016 alle dagen goed 160.000 eksimplaren ferkocht.

Crowdsourcing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

The Guardian is ien fan de koprinners op it mêd fan crowdsourcing yn de sjoernalistyk: it ynsetten fan it publyk foar it meitsjen fan ferhalen. Yn 2009 begûn The Guardian mei it projekt Check Your MP's Expenses, wêrby't de krante de deklaraasjes fan parlemintariërs opfrege en online kamen. Lêzers fan de krante koenen op de spesjale webstee troch de bontsjes bledderje en oanjaan hokker deklaraasjes fertochte wienen. Dat smiet in rige grutte ferhalen op.

The webstee GuardianWitness is de basis foar alle crowdsourcingprojekten fan The Guardian. Brûkers kinne bydrage oan losse opdrachten yn de foarm fan ferhalen, fideo's en foto's.

Keppelingen om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. https://web.archive.org/web/20090523104959/http://www.ipsos-mori.com/content/polls-05/voting-intention-by-newspaper-readership-quarter-1.ashx