Alfabet

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
skriuwletters sa't se ûnderwiisd wurde

In alfabet of – yn it bysûnder mei betrekking ta it Latynske alfabet – abc (meartal: alfabetten of abc's) is in samling symboalen om ekwifalinten fan klanken yn de sprutsen taal skriftlik wer te jaan. Yn dizze sin betsjut alfabet hast itselde as skrift (alfabetysk skrift).

In alfabet is boppedat de standarisearre folchoarder dêr't de tekens yn oardere binne. Dêrmei is it in handich helpmiddel by it systematysk oarderjen en weromfinen fan benammen literatuer en wittenskiplike ynformaasje. It prinsipe fan alfabetisearring makket it bygelyks handich om in boek yn de bibleteek op namme fan de skriuwer gau werom te finen, of om in wurd mei de byhearrende definysje op te sykjen yn in wurdboek.

Etymology[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It wurd alfabet is in gearstalling fan alfa (α) en bèta (β), de nammen fan de earste twa letters fan it Gryskske alfabet. De wurden alfa en bêta hawwe gjin betsjutting. Se komme út it Fenisysk. "Alef" betsjut 'okse' en "beth" betsjut 'hûs'. Yn it earstoan wienen de lettertekens nammentlik lytse tekeninkjes: in alef wie in okse, in beth in hûs, in gimel in smytstôk, in daleth in fisk.

Untwikkeling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it twadde millennium foar Kristus waard yn Fenysje begûn mei it brûken fan piktogrammen fan 22 wurden om deit earste bylûd fan dat wurd oan te tsjutten en ûntwikkele him op dy manier it Proto-Sinaïtyske (± 1500 f.Kr.) of proto-kanaänityske (1400-1100 f.Kr.) alfabet. Yn Ugarit binne by opgravings alfabetten út ûngefear 1500 f.Kr. fûn mei de letters yn rûchwei dezelde folchoarder as dat fan ús. Fenysysk, Hebriuwsk en Arabysk binne Semityske talen. Yn dizze talen drage de bylûden de betsjutting fan de wurden. Mar yn it Gryksk kinne lûden net mist wurde. Dêrom ferfongen de Griken sommige lûden dy't men net nedich hie, troch in bylûd: de alef waard de a-klank, de he in e-klank, de ayin waard de ypsilon, en in grutte o, de omega, waard tafoege. Boppedat gienen de Griken fan links nei rjochts skriuwen, wêrtroch't de letters omklapt waarden. De Romeinen en de Byzantinen pasten it "alfabet" by de behoeften fan harren taal oan.

Meardere alfabetten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ferskate skriftsystemen hawwe fansels ferskate alfabetten. Ek de prinsipes dêr't alfabetten foar brûkt wurde ferskille per taal. Mear ynformaasje hjiroer is te finen ûnder it lemma stavering.

Ta yllustraasje hjirûnder it Syrillysk alfabet.
Cyrillic letter A.png Cyrillic letter Be.png Cyrillic letter Ve.png Cyrillic letter Ghe.png Cyrillic letter Ghe with upturn.png Cyrillic letter De.png Cyrillic letter Dje.png Cyrillic letter Gje.png Cyrillic letter Ie.png Cyrillic letter Ie with grave.png Cyrillic letter Io.png Cyrillic letter Ukrainian Ie.png Cyrillic letter Zhe.png Cyrillic letter Dze.png Cyrillic letter Ze.png Cyrillic letter I.png Cyrillic letter I with grave.png Cyrillic letter Byelorussian-Ukrainian I.png Cyrillic letter Yi.png Cyrillic letter Short I.png Cyrillic letter Je.png Cyrillic letter Ka.png Cyrillic letter El.png Cyrillic letter Lje.png Cyrillic letter Em.png Cyrillic letter En.png Cyrillic letter Nje.png Cyrillic letter O.png Cyrillic letter Pe.png Cyrillic letter Er.png Cyrillic letter Es.png Cyrillic letter Te.png Cyrillic letter Tshe.png Cyrillic letter Kje.png Cyrillic letter U.png Cyrillic letter Short U.png Cyrillic letter Ef.png Cyrillic letter Ha.png Cyrillic letter Tse.png Cyrillic letter Che.png Cyrillic letter Dzhe.png Cyrillic letter Sha.png Cyrillic letter Shcha.png Cyrillic letter Hard Sign.png Cyrillic letter Yeru.png Cyrillic letter Soft Sign.png Cyrillic letter E.png Cyrillic letter Yu.png Cyrillic letter Ya.png

It omsetten fan it iene alfabet yn it oare wurdt transliteraasje neamd.

Alfabet versus fonetyk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De term alfabet wurdt soms omskreaun as: "in systeem wêryn't elk teken of grafeem in fêste klank of klankienheid represintearret", hielendal neffens de fonetyske en de fonematyske prinsipes, mar dizze omskriuwing klopt mar heal. Hoewol't in soad skriftsystemen yndie ta op sekere hichte in fonetyske stavering kenne, is der komselden of nea sprake fan in folsleine "ien-op-ien-relaasje". Yn in folmakke fonetysk alfabet soenen letters en klanken perfekt yn inoars rjochting kombinearje: in skriuwer soe de stavering fan in wurd altiten ôfliede kinne út de'útspraak derfan, en omkeard soe in sprekker de krekte útspraak fan in wurd altiten ôfliede kinne út de stavering. De útspraak fan in taal feroaret lykwols ûnôfhinklik fan it systeem wêryn de taal opskreaun wurdt. Yn it Ingelsk wurdt bygelyks de lange o-klank werjûn troch "o" yn potato, "oe" yn toe, "ough" yn though. Mar de "o" kin lykwols neist as in o yn potato ek klinke as oe-klank yn to, as in koarte o yn month, as ou yn tower en as stomme 'e' yn dungeon.

Staveringsystemen wurde net selden liend troch talen dêr't se oarspronklik net foar betocht wienen. Utspraakregels soargje derfoar dat yn letters bepaalde fonologyske konteksten oars skreaun wurde moatte, omdat de klank dy't se eigentlik fertsjintwurdigje dêr net presys lyk is. Der wurdt dan – meastal boppe de letter sels – noch in ekstra teken setten, it saneamde diakrityske teken: baño (Spaansk: "bad"), stêd (Frysk), ensfh.

Besibbe ûnderwerpen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foarbylden fan ferskate alfabetten

Ek de Egyptyske hiëroglifen hawwe in tal tekens dy't as in soarte fan alfabet beskôge wurde kinne.

Trivia[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • De âldste drukte learboekjes foar skoallen út ± 1450 mei dêryn it abc, waarden abecedarium neamd.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Alphabet fan Wikimedia Commons.