1921
Springe nei navigaasje
Springe nei sykjen
Iuwen: | 15e | 16e | 17e | 18e | 19e | 20e iuw | 21e | 22e | 23e | 24e | 25e |
Jierren: | 1916 | 1917 | 1918 | 1919 | 1920 | 1921 | 1922 | 1923 | 1924 | 1925 | 1926 |
Kalinders | |
Gregoriaanske kalinder |
1921 MCMXXI |
Ab urbe condita | 2674 |
Armeenske kalinder | 1370 ԹՎ ՌՅՀ |
Etiopyske kalinder | 1913 – 1914 |
Hebriuwske kalinder | 5681 – 5682 |
Hindoekalinders | |
- Vikram Samvat | 1976 – 1977 |
- Shaka Samvat | 1843 – 1844 |
- Kali Yuga | 5022 – 5023 |
Iraanske kalinder | 1299 – 1300 |
Islamityske kalinder | 1340 – 1340 |
Juliaanske kalinder |
Gregoriaansk min 13 dgn. |
Sineeske kalinder | 4617 – 4618 丁申 – 戊酉 |
1921 is in gewoan jier dat begjint mei in sneon. (Gregoriaanske kalinder foar 1921.)
Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 1920-er jierren.
Foarfallen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- 25 febrewaris - Georgje wurdt ferovere troch it Reade Leger en wurdt diel fan 'e Sovjet-Uny. Ein fan 'e Demokratyske Republyk Georgje.
- 8 maart - Frankryk stjoert troepen om 'e Dútske stêd Düsseldorf te besetten en dêrmei Dútslân te twingen om 'e ferplichtings fan it Ferdrach fan Versailles nei te kommen.
- 7-17 maart - De Opstân fan Kronsjtadt, ûnder matroazen fan 'e Russyske marine, wurdt mei grou geweld troch it kommunistyske bewâld delslein.
- 17 maart - Yn Ruslân kundiget de kommunistyske regearingslieder Vladimir Lenin de ynfiering fan 'e Nije Ekonomyske Polityk oan, wêrby't de drastyske kommunistyske maatregels dy't de ôfrûne jierren nommen binne op it mêd fan 'e ekonomy foar in part weromdraaid wurde.
- 18 maart - Ein fan 'e Fyfde Poalsk-Russyske Oarloch. Poalen en Ruslân slute de Frede fan Riga.
- 20 maart - By it Oppersilezysk Selsbeskikkingsreferindum kiest 60% fan de befolking derfoar om diel fan Dútslân te bliuwen (en tsjin oansluting by Poalen).
- 7 april - Sun Yat-sen wurdt oansteld as presidint fan 'e Republyk Sina.
- 23 april - Roemeenje en Tsjechoslowakije slute in militêr bûnsgenoatskip.
- 3 maaie - Yn Opper-Sileezje brekt ûnder de Poalske minderheid in anty-Dútske opstân út.
- 21 maaie - Yn 'e Slach by Annaberg, yn 'e neite fan Oppeln (Poalsk: Opole) wurde de Poalske opstannelingen yn Opper-Sileezje ferslein troch Dútske frijkorpsen.
- 31 maaie-1 juny - By de rasse-opskuor fan Tulsa komme yn Tulsa (Oklahoma) 100 oant 300 minsken om it libben en wurde mear as 35 stedsblokken ferwoastge as in breinroere rasistyske blanke kliber de swarte stedsbuert Greenwood oanfalt.
- 7 juny - It sluten fan in militêr bystânsferdrach tusken Roemeenje en Joegoslaavje makket in nij militêr bûnsgenoatskip tusken dy beide lannen en Tsjechoslowakije kompleet. It bûnsgenoatskip kriget de namme de Lytse Entânte.
- 11 juny - Brazylje fiert it frouljuskiesrjocht yn.
- 1 july - By de Slach om Annual bringt de Berberske lieder Abd el-Krim de Spanjerts in swiere nederlaach ta, wêrby't sa'n 8.000 Spaanske soldaten sneuvelje. By de dêropfolgjende ôftocht fan 'e Spaanske troepen út it Rifberchtme komme nochris 5.000 man om.
- 22 july - De Britske premier David Lloyd George en de Ierske opstannelingelieder Éamon de Valera slute in wapenstilstân. Ein fan 'e Ierske Unôfhinklikheidsoarloch.
- 23 july - Faisal I wurdt kroane ta kening fan Irak.
- 23 july - Yn Sjanghai wurdt de Kommunistyske Partij fan Sina oprjochte.
- 29 july - Adolf Hitler wurdt foarsitter fan de NSDAP.
- 2 augustus - De Russyske kommunistyske foaroanman Vladimir Lenin freget de wrâldmienskip om help fanwegen de jammerdearlike hongersneed yn it streamgebiet fan 'e Wolga.
- 14 augustus - Tannû-Tûva wurdt ûnôfhinklik fan Sina.
- 15 augustus - Yn Novosibirsk, yn Sibearje, wurdt de 'Wite Baron' terjochtsteld: de Wite kriichshear Roman von Ungern-Sternberg, dy't fan jannewaris oant en mei july in wier skrikbewâld fierd hat yn Mongoalje.
- 25 augustus - De Feriene Steaten slute frede mei Dútslân.
- 20 oktober - Ein fan 'e Frânsk-Turkske Oarloch. De Frânsen jouwe harren koloniale oanspraken op Silysje en Opper-Mesopotaamje op.
- 2 novimber - Mei de Ynname fan Haïl foltôget Abdûlazyz ibn Saûd, de emir fan 'e Nêzjd út it Hûs fan Saûd, de ferovering fan it Emiraat Djebel Sjammar, de sit fan it rivalisearjende Hûs fan Rasjiid.
- 9 novimber - Yn 'e Italjaanske haadstêd Rome rjochtet Benito Mussolini de Nasjonale Faksistyske Partij op.
- 14 novimber - It Hûs Habsburch wurdt troch it Hongaarske parlemint definityf ferfallen ferklearre fan 'e Hongaarske troan.
- 6 desimber - De regearings fan it Feriene Keninkryk en Ierlân slute it Britsk-Iersk Ferdrach, wêrmei't definityf in ein komt oan 'e Ierske Unôfhinklikheidsoarloch. Der sil in Ierske Frijsteat oprjochte wurde dy't dominionstatus krije sil binnen it Britske Ryk.
- 14 desimber - By in selsbeskikkingsreferindum sprekt de befolking fan 'e stêd Ödenburg (Hongaarsk: Sopron), dy't súdeastlik fan Wenen leit, him út foar oansluting by Hongarije.
- sûnder datum - De Nobelpriis foar de Natuerkunde wurdt takend oan Albert Einstein.
Berne[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- 5 jannewaris - gruthartoch Jan fan Lúksemboarch
- 11 febrewaris - Lloyd Bentsen, Amerikaansk politikus († 2006)
- 15 febrewaris - Jan Pen, Frysk ekonoom († 2010)
- 25 febrewaris - Geale de Vries, Frysk ûnderwizer en radiopresintator († 2011)
- 14 maart - Lis Hartel, Deensk dressuerruter († 2009)
- 2 april - Tiny Mulder, Frysk skriuwster, sjoernaliste en fersetsstrider († 2010)
- 25 april - Karel Appel, Nederlânsk skilder en byldhouwer († 2006)
- 27 april - Feike Boschma, Nederlânsk akteur en teätermakker († 2014)
- 3 maaie - Hans de Jong, Frysk waarman († 2010)
- 27 maaie - Joop Bakker, Frysk politikus († 2003)
- 30 maaie - Jamie Uys, Súdafrikaansk filmregisseur († 1996)
- 12 juny - Johan Witteveen, Nederlânsk ekonoom en politikus († 2019)
- 17 juny - Burnu Acquanetta, Amerikaansk aktrise († 2004)
- 6 july - Nancy Reagan, Amerikaansk presidintsfrou († 2016)
- 18 july - John Glenn, Amerikaansk astronaut en politikus († 2016)
- 19 augustus - Gene Roddenberry, Amerikaansk tillefyzjeprodusint, betinker fan Star Trek († 1991)
- 1 desimber - Ruurd Klazes Bakker, Frysk politikus († 2001)
- 30 septimber - Deborah Kerr, Skotsk aktrise († 2007)
- datum ûnbekend
- Jan de Jong, Frysk oersetter
Ferstoarn[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- 17 jannewaris - Sybrandus Johannes Fockema Andreae, Frysk rjochtsgelearde en heechlearaar (* 1844)
- 8 febrewaris - Peter Kropotkin, Russysk anargist (* 1842)
- 17 febrewaris - Klaas Folkerts Post, Frysk keatser (* 1843)
- 2 augustus - Enrico Caruso, Italjaansk sjonger (* 1873)
- 7 augustus - Aleksander Blok, Russysk dichter (* 1880)
- 27 septimber - Engelbert Humperdinck, Dútsk komponist (* 1854)
- datum ûnbekend
- Edmond Guerrier, Amerikaansk keapman en tolk (* 1840)
Jierren: | 1916 | 1917 | 1918 | 1919 | 1920 | 1921 | 1922 | 1923 | 1924 | 1925 | 1926 |
Iuwen: | 15e | 16e | 17e | 18e | 19e | 20e iuw | 21e | 22e | 23e | 24e | 25e |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|