Wolkom

WordPress is in kompjûterprogram foar webpublikaasjes. Sawol it meitsjen as ûnderhâlden fan blogs en websiden is mei WordPress samar klear. It program kin fergees delhelle en brûkt wurde.

It basisprogram is makke troch hûnderten frijwilligers fan oer de hiele wrâld. Mei tûzenen beskikbere tema’s en ynstekkers (plugins) kin dyn side unyk wêze! De opset fan it program is tige oersichtlik en is mei dêrtroch hiel simpel om te brûken. WordPress jout de mooglikheid om mei ferskate minsken tagelyk online te wurkjen, sadat saaklike websiden ek hiel goed mei it program ûnderhâlden wurde kinne. Koartsein, elkenien is tige wolkom yn de wrâldmienskip fan WordPress.