1934
Jump to navigation
Jump to search
Iuwen: | 15e | 16e | 17e | 18e | 19e | 20e iuw | 21e | 22e | 23e | 24e | 25e |
Jierren: | 1929 | 1930 | 1931 | 1932 | 1933 | 1934 | 1935 | 1936 | 1937 | 1938 | 1939 |
Kalinders | |
Gregoriaanske kalinder |
1934 MCMXXXIV |
Ab urbe condita | 2687 |
Armeenske kalinder | 1383 ԹՎ ՌՅՁԳ |
Etiopyske kalinder | 1926 – 1927 |
Hebriuwske kalinder | 5694 – 5695 |
Hindoekalinders | |
- Vikram Samvat | 1989 – 1990 |
- Shaka Samvat | 1856 – 1857 |
- Kali Yuga | 5035 – 5036 |
Iraanske kalinder | 1312 – 1313 |
Islamityske kalinder | 1353 – 1353 |
Juliaanske kalinder |
Gregoriaansk min 13 dgn. |
Sineeske kalinder | 4630 – 4631 庚酉 – 辛戌 |
1934 is in gewoan jier dat begjint mei in moandei. (Gregoriaanske kalinder foar 1934.)
Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 1930-er jierren.
Foarfallen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- 1 jannewaris - Troch in gemeentlike weryndieling ûntstiet yn Fryslân de gemeente It Hearrenfean.
- 10 jannewaris - Yn nazy-Dútslân wurdt de Nederlanner Marinus van der Lubbe mei de guillotine eksekutearre foar it oanstekken fan 'e Ryksdeibrân.
- 8 febrewaris - Yn reäksje op in tige gewelddiedige, massale demonstraasje troch in stikmannich faksistyske organisaasjes yn Parys juster, formearret Gaston Doumergue in regear fan nasjonale ienheid dat foarkomme moat dat yn Frankryk in boargeroarloch útbrekt.
- 9 febrewaris - Grikelân, Turkije, Roemeenje en Joegoslaavje slute it Balkanpakt, in militêr bûnsgenoatskip, dat benammen rjochte is tsjin Bulgarije, dat oanspraak makket op dielen fan it grûngebiet fan alle fjouwer lannen.
- 13 febrewaris - Nei twa dagen fan ferbittere gefjochten yn Eastenryk (feitlik in koarte boargeroarloch) tusken it leger, stipe troch leden fan 'e faksistyske paramilitêre Heimwehr, en leden fan 'e sosjalistyske paramilitêre Schutzbund, wêrby't tsientallen deaden en ferwûnen fallen binne, ferbiedt kânselier Engelbert Dollfuß de sosjalistyske partij SPÖ. De sosjalistyske boargemaster fan Wenen, Karl Seitz, wurdt oppakt.
- 16 febrewaris - It selsbestjoer fan 'e Britske koloanje Nijfûnlân wurdt op fersyk fan it eigen parlemint opheft.
- 17 febrewaris - Yn Marche-les-Dames, yn 'e Ardinnen, ferûngelokket kening Albert I fan Belgje as er by in berchbeklimming 80 m omleech kneppelet.
- 23 febrewaris - Yn Nikaragûa wurdt guerriljalieder Augusto Sandino fermoarde as er yngiet op in útnûging foar ûnderhannelings mei presidint Juan Sacasa.
- 1 maart - Pu Yi, de lêste keizer fan Sina, wurdt troch de Japanners ynstallearre as keizer fan harren fazalsteat Mantsjûkwo.
- 12 maart - By in steatsgreep yn Estlân lûkt waarnimmend presidint Konstantin Päts alle macht nei himsels ta.
- 20 maart - Yn Nederlân komt de keninginne-mem Emma fan Waldeck-Pyrmont te ferstjerren.
- maart-12 maaie - Yn it suden fan it Arabysk Skiereilân wurdt de Saûdysk-Jemenityske Oarloch útfochten tusken Saûdy-Araabje en Noard-Jemen.
- 30 april - De Eastenrykske kânselier Engelbert Dollfuß fiert yn syn lân in nije, faksistyske grûnwet yn, dy't sosjalisten en kommunisten foargoed bûtenspul set.
- 15 maaie - By in steatsgreep yn Letlân lûkt premier Kārlis Ulmanis alle macht nei himsels ta.
- 19 maaie - By in steatsgreep yn Bulgarije komt kolonel Damijan Veltsjev oan 'e macht, dy't de grûnwet bûten wurking stelt en faksistysk diktator wurdt.
- 9 juny - Donald Duck makket syn debút.
- 15 juny - In topmoeting yn Feneesje tusken de diktators Adolf Hitler, fan nazy-Dútslân, en Benito Mussolini, fan Itaalje, mislearret om't Mussolini mordikus tsjin is op 'e tanimmende nazy-Dútske ynfloed yn Eastenryk.
- 30 juny - De Nacht fan de Lange Messen: yn nazy-Dútslân wurdt op befel fan diktator Adolf Hitler de top fan 'e SA útmoarde, dy't te selsstannich operearre.
- 1 july - Mei de ynstelling fan 'e Production Code Administration (PCA), dy't tenei strang tafersjoch hâldt op it neilibjen troch de filmstudio's fan 'e sensuerregels fêstlein yn 'e Motion Picture Production Code, komt yn 'e filmyndustry fan Hollywood in ein oan 'e frijheid fan it Pre-Code-tiidryk.
- 3 july - Yn Nederlân komt prins-gemaal Hindrik fan Meklenburch-Schwerin te ferstjerren, de man fan keninginne Wilhelmina.
- 4 july - Yn Amsterdam brekke de Reade Julydagen út, in folksopstân mei as sintrum de Jordaan, dy't rjochte is tsjin 'e ferleging fan 'e wurkleasheidsútkearings troch it Nederlânske regear fan Hendrik Colijn.
- 25 july - By in mislearre steatsgreep troch de nazys yn Eastenryk wurdt de faksistyske (mar anty-nazistyske) kânselier Engelbert Dollfuß fermoarde.
- 1 augustus - De Feriene Steaten beëinigje harren besetting fan Haïty, dy't al fan 1915 ôf duorret.
- 2 augustus - De Dútske presidint Paul von Hindenburg komt te ferstjerren.
- 19 augustus - Yn nazy-Dútslân wurdt rykskânselier Adolf Hitler by in allesbehalven frije folksstimming keazen ta opfolger fan 'e ferstoarne presidint Paul von Hindenburg. Syn titel wurdt lykwols net 'presidint' mar Führer ("lieder").
- 22 augustus - By in topmoeting yn Florâns ûnthjit de Italjaanske diktator Benito Mussolini stipe tsjin nazy-Dútslân oan 'e Eastenrykske kânselier Kurt Schuschnigg.
- 5 oktober - Yn Spanje wurde faksisten beneamd op ministersposten yn it nije rjochtse regear. Dêrop brekt yn 'e regio Astuerje in wapene arbeidersopstân út.
- 6 oktober - De Katalaanske foaroanman Lluís Companys ropt de ûnôfhinklikheid fan 'e Republyk Kataloanje út.
- 7 oktober - It Spaanske leger ûnderdrukt it ûnôfhinklikheidsstribjen yn Kataloanje. Presidint Lluís Companys en oare leden fan it Katalaanske regear wurde oppakt.
- 9 oktober - Moard op kening Aleksander I fan Joegoslaavje yn Marseille, by in steatsbesyk oan Frankryk. De moardner is Vlado Černozemski, in lid fan 'e Ynterne Masedoanyske Revolúsjonêre Organisaasje (IMRO), dy't stribbet nei de ûnôfhinklikheid fan Masedoanje.
- 18 oktober - It Spaanske leger drukt de arbeidersopstân yn Astuerje op tige bloedige wize de kop yn. Der komme teminsten 1.300 arbeiders om.
- 18 oktober - Yn Sina begjint de kommunistyske foaroanman Mao Zedong mei 80.000 soldaten oan in massale útbraak út 'e besingeling troch regearingstroepen. Dit is it begjin fan 'e saneamd Lange Mars.
- 1 desimber - Yn 'e Sovjet-Uny wurdt de foaroansteande kommunistyske partijsiktaris fan Leningrad, Sergej Kirov, by in moardoanslach fermoarde.
- 5 desimber - By it Walwal-ynsidint, by it plak Walwal, oan 'e grins fan Abessynje en Italjaansk-Somalilân, komt it ta in fjoergefjocht tusken Abessynske en Italjaanske troepen. It is ien fan in protte soartgelikense ynsidinten, mar de Italjaanske diktator Benito Mussolini grypt dit foarfal oan om oarlochstariedings tsjin Abessynje te meitsjen.
Berne[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- 2 febrewaris - Riek Landman, Frysk skriuwster
- 5 april - Roman Herzog, presidint fan Dútslân († 2017)
- 29 april - Dick Wilson, Amerikaansk politikus († 1990)
- 1 july - Jan Dotinga, Frysk skriuwer
- 4 augustus - Rutger Kopland, Nederlânsk dichter en essayist († 2012)
- 23 augustus - Fred Emmer, Nederlânsk nijslêzer en skriuwer († 2019)
- 25 augustus - Akbar Hasjemi Rafsandjani, presidint fan Iraan († 2017)
- 20 septimber - Sophia Loren, Italjaansk aktrise
- 20 septimber - Margaretha Grosser, Sealterfryske skriuwster en oersetter († 2019)
- 21 septimber - Leonard Cohen, Kanadeesk sjonger en lietsjeskriuwer
- 23 septimber - Per Olov Enquist, Sweedsk skriuwer
- 28 septimber - Brigitte Bardot, Frânsk aktrise en sekssymboal
- 29 oktober - Pim Jacobs, Nederlânsk pianist en presintator († 1996)
- datum ûnbekend
- Lambert H. Mulder, Frysk ûnderwiiskundige en oersetter
Ferstoarn[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- 10 jannewaris - Anne Tsjibbes van der Meulen, Frysk ûnderwizer en samler fan âldheden (* 1862)
- 13 febrewaris - Hindrik Hindriks Kramer, Frysk arsjitekt (* 1850)
- 16 febrewaris - Roberto Ferruzzi, Italjaansk keunstner (* 1853)
- 9 maaie - Pieter de Clercq, Nederlânsk bankier en frisiast (* 1849)
- 4 july - Maria Curie-Sklodowska, Poalsk-Frânsk natuerkundige en Nobelpriiswinneresse (* 1867)
- 19 july - Lammert Skeltes Hilarides, Frysk keatser (* 1868)
- 2 augustus - Paul von Hindenburg, presidint fan Dútslân (* 1847)
- 12 augustus - Hendrik Petrus Berlage, Nederlânsk arsjitekt (* 1856)
- 9 septimber - Anton Dreesmann, Nederlânsk ûndernimmer (* 1854)
- 26 oktober - Maria Rutgers-Hoitsema, Nederlânsk feministe, ûnderwizeres en sosjaal herfoarmster (* 1847)
- 20 novimber - Willem de Sitter, Frysk wiskundige, astronoom, kosmolooch en natuerkundige (* 1872)
Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- toaniel
- Federico García Lorca, Yerma (oerset yn it Frysk as Yerma)
Jierren: | 1929 | 1930 | 1931 | 1932 | 1933 | 1934 | 1935 | 1936 | 1937 | 1938 | 1939 |
Iuwen: | 15e | 16e | 17e | 18e | 19e | 20e iuw | 21e | 22e | 23e | 24e | 25e |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|